Film opening Einekoer maart 2002

Doarpshûs "de Einekoer" Ryptsjerk

Knallende iepening CAC op 13 septimber mei Big Mill Band

In nij seizoen, in nij lûd. En dêr wit de Big Mill Band op freed 13 septimber wol ried mei! Mear as 20 muzikanten op de flier mei in protte blazers kinne aardich leven meitsje. Wy krije yn De Einekoer in foarpriuwke fan harren jubileumkonsert yn oktober.

Bigbands steane foar swingende jazzmuzyk en gefoelige ballads. De Big Mill Band spilet al mear as 25 jier klassikers as ‘Summertime’ van Gershwin. Dizze groep stoppet boppedat ek in protte bekende popmuzyk yn syn optredens: Queen, Amy Winehouse. Caro Emerald en Snarky Puppy bygelyks. Christine van der Molen is derby in entûsjaste sjongeres.

De blazersseksje is útbundich, de ritmeseksje mei drums, bas, gitaar en piano spilet superstrak. Harry Broekman is de dirigint, dy’t moai fertelle kin oer de nûmers. De band hat in protte solisten. Der spylje twa bekenden foar ús yn de Big Mill Band: Feiko de Boer fan de Oosterdyk op trombone (ek frijwilliger yn it doarpshûs) en Hurdegarypster Rik Haket op tenorsakosofoan, âld-ynwenner fan Ryptsjerk!

Reservearje kin op cacryptsjerk@gmail.com of tillefoanysk op 06-12930953.