Film opening Einekoer maart 2002

Doarpshûs "de Einekoer" Ryptsjerk

Inez Timmer bringt op freed 19 april yn De Einekoer in oade oan de legindaryske Fryske folkgroep Irolt. Pianist/accordeonist Peter van der Zwaag is har betûfte begelieder. Hy wie earder te hearren mei Rients Gratama, Liesbeth List, Jenny Arean, Willeke Alberti, Robert Long en Gerrit Breteler). Inez song sels by Irolt lieten as It wite wiif, Klaes Keunst, Gudrun Sêge, Kamperfoelje en Kattekwea. De nije foarstelling ‘Kattekwea’ is in fleurich konsert mei ferhalen tuskentroch. It jout in tiidsbyld fan de optimistyske jierren santich en fertelt de opkomst fan de Fryske folk. Irolt hat in nije jas krigen, mar de jasbûsen sitte noch fol fertroude refreinen en ferhalen. Net stinne, massaal hinne! 

Mear ynformaasje? sjoch op de webside: www.theaterineziatief.nl.

Reservearre?
 Klik op de folgjende link: ‘Kattekwea/ Irolt’ 

Oant 19 april.