Wa’t ‘Op hoop fan segen’, de klassiker fan Herman Heijermans, op in nije manier belibje wol, kin op fjouwer jûnen yn maart te lâne yn Ryptsjerk (7 en 8 maart) en Tytsjerk (14 en 15 maart). Toanielploech We Doarre Wer fan Ryptsjerk spilet dit drama oer fiskersfertriet mei in sûne doasis humor en absurditeit. It Frysk bringt it stik noch tichterby.
Hans van Buuren is feranwurdlik foar in bewurking fan it troch Pyt en Tryntsje van der Zee oersette orizjineel mei de ferneamde fêststelling dat de ‘visch’ djoer betelle waard. Earder produsearre dizze regisseur yn Rytptsjerk moaie foarstellingen yn it kader fan Under de Toer/Kulturele Haadstêd.
We Doarre Wer spilet al fanôf de oprjochting yn 1978 jierliks kluchten en blijspullen. De lytser wurdende fêste kearn fan it selskp is útwreide mei nije oanwaaks yn alle leeftydskategoryen. Troch tûk mei dûbelrollen te wurkjen is in stik mei in protte rollen mooglik makke. By de omballingen en technyk is al jierren sprake fan in betroubere fêste ploech, dy’t soarget foar in prachtich plaatsje op de planken yn earst eigen Dorpshûs De Einekoer (Ryptsjerk) en in wike letter by de buorlju yn it fernijde Yn ’e Mande Tytsjerk.
Heijermans’ stik is in oanklacht tsjin eartiidske skipsreders, dy’t fiskers yn driuwende deadskisten it wetter opstjoerden. It risiko lei by de húshâldingen fan de oanmeunsterjende heiten en soannen. De reders wiene altyd winners: of sy hiene de fangsten of se strutsen it fersekeringsjild op fan de skippen dy’t fergiene.
It gefjocht fan de fiskerlju mei de eleminten en tsjin it kaptaal komt oer it fuotljocht. Mar ek leafde, al of net ferbean, en hope. De haadrol is fansels foar fiskerswiddo Kniertje, spile troch Anja Epema. Sy ferlear sawol har man as twa jonges oan de see en hâldt mar krekt sels de holle boppe wetter mei wurkjen foar reder Bos. It hurde libben oan de wâl spile him ôf tusken berêsting en ferset.
‘Op hoop fan segen’ is in tiidleas stik. Altyd wer de muoite wurdich om te sjen.
Wy Doarre Wer, ‘Op hoop fan segen’, spyldata freed 7 maart en sneon 8 maart (De Einekoer, Ryptsjerk), freed 14 en sneon 15 maart (Yn ’e Mande, Tytsjerk). Oanfang: 20.00 oere.
Tangong 12,50 euro (oan de seal 15,00 euro). Foarferkeap: tiisdei 25 febr. en woansdei 5 maart fan 19.30-20.30 oere yn De Einekoer (Heermawei 3). Reservearje kin ek fia de mail: wdwryptsjerk@gmail.com
