18 Oktober – Konsert Reinout Weima & Anno van der Werf
Op freed 18 oktober is us twadde konsert mei it foar alle muzikale gelegenheden, bûten en binnen, geskikte duo Reinout Weima & Anno van der Werf. De mannen út Wergea en Hurdegaryp bringe eigen nûmers yn it Frysk (ûnder oare ‘Do’ en ‘It komt altyd wol goed’) en ferskes fan harren helden. Dêrby falle nammen as Crowded House, Simon and Garfunkel, Beatles en Everly Brothers. Al by al ha de twa al seis cd’s fol spile en songen. Sy ha mear as 25 jier ûnderfining en meitsje fan elts optreden in feest.
Reservearje kin hier.