Pak de koffer mar wer út, leave!

Toanielferiening We Doarre Wer út Ryptsjerk bringt mei dizze klucht ûnder besieljende rezjy fan Hans van Buuren it skaterjen werom yn De Einekoer. Spyldata: 21, 28 en 29 novimber.

Robertus van der Heyde wol mei syn freondinne Corrie in leuk wykein ha. Dêrom hat er syn frou wiismakke dat er in kursus folgje moat. Hy lit syn sekretaresse in keamer reservearje yn in hotel, mar dat blykt net sa tûk te wêzen. At er mei Corrie yn it hotel arrivearret, komme se der al gau efter dat syn frou ek op in keamer yn it hotel sit.

It needlot twingt harren echter dochs yn it hotel te bliuwen, wol op in oare keamer en ûnder in oare namme. Dan begjint it; wa is wa, wa heart by wa, wêr is hy, wêr is sy…

In Blijspul fan Jan Tol en Astrid Baijs

Seal iepen 19:30 oere. Oanfang 20:00 oere

Kaarten bestellen: https://we-doarre-wer.weticket.io/2025