Freed 2 oktober belooft in bysûndere start fan it nije seizoen yn De Einekoer. De CAC iepenet 2026/2027 mei net ien minder as Piter Wilkens Trio – en set dêrmei fuortendaliks de toan: kwaliteit, sfear en muzikaal fakmanskip. Piter Wilkens, de bekendste trûbadoer fan Fryslân, nimt dy mei yn syn wrâld fol muzyk en ferhalen. Fan harkferskes oant blues, fan eigen wurk oant ferrassende oersettings – en sels in ‘Liwwadder tango’. Mei syn nijste single ‘Neat sjoen, neat heard, fergetten’ lit er hearre dat âlder wurde sa syn foardielen hat. En lykas altyd ferwevet Piter syn ferskes mei persoanlike anekdoaten: werkenber, oandwaanlik en foaral mei in flinke doasis humor. Serieus dêr’ t it rekket, ljocht wêr’ t it kin – krekt sa ast fan him ferwachtsje meist.

Tegearre mei bassist Willo de Bildt en topgitarist Ytzen Peterson bringt er it programma ‘De houtene toer’ in sterke miks fan nij wurk en favorite klassikers as ‘Knoopkes’ en ‘It paad werom’. As wie dat noch net genôch, krijt de jûn in ekstra bysûnder tintsje troch in unike gearwurking mei sjongers fan Excentriek en oare doarpsgenoaten, yn it ramt fan Ryptsjerk Bloeit.

Datum: 2 oktober 2026

Aanvang: 20.00 oere

Tagongspriis: € 15,-

Plaats: Einekoer Ryptsjerk

Reserveren klik hier

https://www.youtube.com/watch?v=gpH6IcvY